Ekhart nije wethâlder Ljouwert

07 jul 2011 - 22:32

Andries Ekhart wurdt de nije wethâlder fan Ljouwert. Nei in lange gearkomste tongersdei is hy troch de PvdA-fraksje nei foaren skood as opfolger fan Marco Florijn. Ekhart is op it stuit noch wethâlder yn Súdwest-Fryslân. Earder dizze wike lekte al út dat hy kandidaat wêze soe trochdat de PvdA yn dy gemeente besocht him te behâlden.

Ekhart krijt yn Ljouwert de portefúlje sosjale saken. Dy hat er ek jierrenlang hân yn de eardere gemeente Snits en no yn Súdwest-Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)