Wetter Potmarge wer feilich

It leechpompte boartersplak
De Potmarge yn Ljouwert kin feilich brûkt wurde. Op it wetterboartersplak wie yn juny in baktearje oantroffen yn it wetter. Ut de lêste ynspeksje docht bliken dat it wetter wer skjin is. Hoe't de baktearje krekt yn it wetter kaam is, is net dúdlik.
De ôfrûne wiken is de direkte ferbining fan it wetter fan De Potmarge mei in sleat dernjonken ticht makke om't de baktearje mooglik dêrwei kaam. Ek is it sûnt in pear wiken ferbean om de wetterfûgels te fuorjen.