Man rydt tsjin boerd en beam

In 38-jierige ynwenner fan Grins is tongersdeitemoarn oanhâlden op It Amelân. De man hie earder dy moarn mei syn auto in reklameboerd en in beam rekke. Dêrnei hie er syn stikkene auto stean litten en hie er it plak fan it ûngelok ferlitten.
De waskôge plysje kaam de man al gau op it spoar en ûnder it ferhoar hat er bekend. Der is proses-ferbaal tsjin him opmakke.