Peil Iselmar bliuwt heech

07 jul 2011 - 16:39

It wetterpeil yn de Iselmar bliuwt de kommende twa wiken 10 sintimeter boppe it streefpeil. Neffens Rykswettersteat is de ekstra buffer needsaaklik omdat it noch altyd te droech is en der noch altyd net genôch wetter fallen is. Boppedat streamt der út de Rijn by Lobith op dit stuit noch net genôch wetter nei de Iselmar.

Mei it hegere simmerpeil wol Rykswettersteat foarkomme dat der op 'e nij in tekoart oan wetter ûnstiet yn de Noardlike provinsjes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)