Blommen fernield op It Fean

07 jul 2011 - 15:21

Fandalen hawwe woansdeitenacht in blommekeunstwurk yn it sintrum fan It Hearrenfean fernield. De blommen stiene op in koets op it gemeenteplein. Ek de blombakken foar it gemeentehûs binne omsmiten. De skea wurdt rûsd op goed 2000 euro.

It is net foar it earst dat blommen it doel binne op It Hearrenfean. In moanne lyn waarden de blombakken by de C&A ek al omsmiten. De plysje hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)