Fryslân stimt oer 2e 'Borsele'

Fryske gemeenten meie aanst meistimme oer de bou fan in nije kearnsintrale by Borsele. De gemeenten ha oandielen yn it enerzjybedriuw Energy Resources Holding, ERH. Dat bedriuw is eigner fan de kearnsintrale fan Borsele. De oandielen yn dat bedriuw wolle de gemeenten no ferkeapje.
As se dat dogge, jouwe se grien ljocht foar in nije kearnsintrale, wylst der amper diskusje oer west hat. Gemeenten binne dan wol fan de oandielen ôf mar rinne ek in finansjeel risiko.