Dief betrape mei kamera

07 jul 2011 - 10:38

De plysje hat mei help fan bewakingskamera's in 36-jierrige Ljouwerter betraapje kind op stellerij. Op de bylden wie te sjen dat de man jild helle út in oar syn beurs yn in supermerk yn syn wenplak.

Oare bylden toanden de man doe't er in beurs stiel fan in bewenster fan in fersoargingshûs, ek yn Ljouwert. De man is in bekende fan de plysje, hy hat in proses-ferbaal krigen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)