Himpkwekerij yn Dolsterhuzen
Yn in wenning oan de Marwei yn Dolsterhuzen hat de plysje woansdei in himpkwekerij oprôle. De plysje wie tipt oer de kwekerij. By de ynfal woansdei yn de wenning trof de plysje 1200 himpplanten oan.
Alle planten en de apparatuer binne yn beslach naam en ferneatige. Der wurdt ûndersyk dien nei de hierder fan de wenning.