Koperdieven oppakt

07 jul 2011 - 10:31

De plysje hat woansdeitenacht yn Ljouwert twa ynwenners fan dy stêd oanhâlden foar it stellen fan koper. De twa foelen de plysje op fanwege in ferkearsoertreding mei de auto. Doe't de plysje se dêrnei folge, fûn dy de auto parkearre by in skoalle yn de Jan van Scorelstrjitte.

Ien fan de twa Ljouwerters bekende dêrnei koper stellen te hawwen. De oare Ljouwerter wie yntusken útnaaid, mar koe letter troch de plysje oanhâlden wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)