Wetteroerlêst Ons Huis St Anne

De fochtopnimmer makket oeroeren yn Ons Huis
It bestjoer fan multyfunksjoneel sintrum Ons Huis yn Sint Anne besiket in oplossing te finen foar wetteroerlêst. It gebou waard yn 2007 iepene en sûnt dy tiid is de kelder al ferskate kearen fol wetter rûn.
Begjin ferline wike barde dat foar it lêst, by in flinke stoartbui. Gefolch is dat de muzykskoalle dy't yn de kelder sit skea hat oan syn ynstruminten. Ons Huis sjocht no mei de oannimmer en de gemeente nei de oarsaak fan de lekkerij.