Fallisemint treft tsjerke

07 jul 2011 - 07:24

Der is opnij tsjinslach by de restauraasje fan de Laurentiustsjerke fan Kimswert. In pear wike lyn soarge de fynst fan asbest al foar ekstra wurk en ekstra kosten. No is it boubedriuw dat de restauraasje útfiert fallyt gien. It giet dan om boubedriuw Bleeker út Boalsert.

It fallisemint hat foarearst gjin finansjele gefolgen mar it wurk leit wol stil. Mooglik beslút de kurator dat der trochwurke wurde kin oars moat der in oar boubedriuw socht wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)