Jouster 30 dagen langer fêst

It foararrest fan de Jouster learaar is op 'e nij mei 30 dagen ferlingd. Dat hat de rjochter-kommissaris woansdei bepaald. De 32-jierrige man sit fêst om't er stikem foto's makke hat fan dûsjende bern.
De man joech les op in basisskoalle op It Hearrenfean en wie trainer-coach by in jeugdteam fan Sportklup Joure. Op de kompjûter fan de man waard neist de eigen foto's ek berneporno fûn.