Spesjalisten ûnder ien dak

Snits hat der in sûnenssintrum by. Fiif húsdokters, twa aptekers, in diëtiste en Thússoarch SW-Fryslân festigje har yn de saneamde HOED (Huisartsen onder een dak) oan de Kuyperlaan. Wenningboustifting De Wieren lit it nije gebou sette.
Yn 'e HOED kin ekonomysker en effisjinter wurke wurde. It sintrum is de hiele dei iepen, der kin djoere apperatuer oanskaft wurde en de dokters kinne gebrûk meitsje fan elkoars spesjalismen.