Heger berop oer earmerken

06 jul 2011 - 17:19

De biologyske boeren Henk Brandsma fan Boalsert en Thom de Groot fan Grou ha woansdei yn heger berop yn Ljouwert harren rjocht ferdigene om gjin earmerken te brûken foar skiep. De mannen wurde net mear op de bon slingere foar it wegerjen fan de earmerken foar kij. Yn 2006 gie it dochs mis, no om de earmerken fan de skiep en in geit.

Yn 2007 ferlearen de boeren de saak, mar om't de easken feroare binne, fine se dat se no net mear strafber binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)