Fermiste man út Aldskoat werom

06 jul 2011 - 10:22

De fermiste Haaije Haaisma út Aldskoat is werom. Hy is woansdeitemoarn fûn troch in plysje op de Haadwei yn Nijeholtpea. Haaisma stie dêr op de dyk.

De 49-jierrige man hat in geastlike beheining. Hy waard sûnt moandei fermist. Neidat hy by syn mem yn Bantegea west hie, wie hy net mear sjoen. Haaisma is yntusken werombrocht nei de ynstelling dêr't hy wennet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)