Stoomlok komt der toch oan

Argyffoto
De stoomlokomotyf fan de Friese Stoomtrein Maatschappij komt dit wykein nei Nederlân. Dat seit Mex Kooijmans fan de maatskippij. Sneon giet de lokomotyf fanút Switserlân op transport. Sneintejûn om 6 oere wurdt er dan yn Stadskanaal ferwachte.
De ôfrûne tiid hat de stoomtrein maatskippij in soad tsjinslach hân. De lokomotyf koe earder net nei Nederlân komme omdat der in stimpel ûntsbruts op de papieren. De wagons steane noch yn Roosendaal.