Cambuur wint dik fan Kollum

© Omrop Fryslân
Cambuur hat ek de tredde oefenwedstriid yn winst omset. De Ljouwerters wûnen yn en fan Kollum mei 12-1. By it skoft stie der in stân fan 9-1 op it skoareboerd. Martijn Barto en Melvin de Leeuw skoarden beide trije kear.
Marco van der Heide makke twa goals. De oare treffers fan Cambuur kamen op namme fan Bob Schepers, Mark de Vries Alim Oztürk en Oguzhan Türk. By Cambuur spile Erixon Danso ien helte mei.