Grinzer korpssjef baas plysje

05 jul 2011 - 17:53

De korpssjef fan de plysje yn Grinslân, Oscar Dros, wurdt nei alle gedachten it haad fan de plysje yn de noardlike provinsjes. Dat hat de Fryske korpsbehearder Ferd Crone bekend makke.

De noardlike plysjekorpsen foarmje fan 2012 ôf ien organisaasje. Dat is it gefolch fan de oprjochting fan de nasjonale plysje. De Fryske korpssjef Nathalie Kramers krijt de funksje fan plakferfanger.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)