Lânskipsûndersyk yn de Wâlden

Dizze pingo is wol fêstlein
Der komt in syktocht nei boskjes, singels en pingo's yn de noardlike Fryske Wâlden, want dêrfan is alles noch net fêstlein. Alteast, dat is de ferwachting. De provinsje Fryslân hat der hast 230.000 euro foar oer en Landschapsbeheer Friesland giet op syk yn de gemeenten Achtkarspelen, Tytsjerksteradiel, Dantumadiel, Kollumerlân en Smellingerlân.
Alle bysûndere eleminten moatte fêstlein wurde, sadat se ek better beskerme wurde kinne.