Poalske sjauffeur te goedkeap

Fryske transportbedriuwen ha in soad lêst fan konkurrinsje fan Poalske frachtweinsjauffeurs. Dat seit FNV Bondgenoten. Moandei die bliken dat in bedriuw út Dronten sjauffeurs út Poalen ride lit omdat dy in stik goedkeaper binne. Foar in Poalske sjauffeur wurdt 3 euro de oere betelle, wylst in Nederlânske sjauffeur 13 euro de oere kostet.
Foar sjauffeurs út eigen lân wurdt it hieltyd dreger om wurk te finen. FNV Bondgenoten start no in kampanje.