Soarch oer nije brânwachtnoarm

Tiisdei sil feiligheidsregio Fryslân in beslút nimme oer it oprekken fan 'e opkomsttiid fan de brânwacht. It foarstel is om dy opkomsttiden mei 50% te ferheegjen. De fakferiening brânwachtfrijwilligers makket him hjir grutte soargen oer.
It soe neffens Frans Kloosterman, kommandant fan brânwacht Bûtenpost en lid fan dy fakferiening, samar der fan komme kinne dat der nei tiisdei Fryske brânwachtkazernes ticht moatte.