Offalbakken op sinne-enerzjy

© Omrop Fryslân
In ôffalbak op sinne-enerzjy moat derfoar soargje dat de frachtweinen fan ôffalferwurker Omrin minder faak troch Ljouwert ride. Yn de bakken sit in parse dy't it ôffal yninoar drukt.
Der stean sûnt moandei fjouwer fan dy bakken yn de stêd. It grutte foardiel is fierder dat se yn prinsipe net fol reitsje kinne. Omrin krijt in seintsje as se hast fol sitte en moat se dan leegje.