Bouwmeester klimt op EK

Roelof Bouwmeester (argyffoto)
Roelof Bouwmeester stiet nei de twadde dei fan it iepen Europeesk kampioenskip silen yn de Laser op it achtste plak. Op it wetter by de Finske haadstêd Helsinki waard de siler út Warten twa kear fiifde. Nei syn oerwinning en in fyftjinde plak op snein, koe er syn minste resultaat ôflûke.
Yn de top fan it klassemint binne de ferskillen lyts. De Kroäat Milan Vujasinovic is lieder mei fiif punten, Roelof Bouwmeester hat alve punten.