Driuwsân hindert oldtimers

04 jul 2011 - 21:50

It Fryske stoomtrein-projekt hat op 'e nij te krijen mei tsjinslach. Yn de loads yn Snits is driuwsân fûn. De oannimmer hat it diel om de smarkûle hinne ôfset. It wetter moat dêrwei pompt wurde, mar dat bart pas nei de boufak.

Dêrmei wurdt in streek helle troch it saneamde Plan-B, wêryn't mei oldtimer-bussen riden wurde soe. Dat sil no net earder as begjin takom jier kinne.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)