Badwei Flylân wurdt feiliger

De Badwei op Flylân
De Badwei-Noard op Flylân wurdt oanpakt. De gemeente sil de dyk feiliger meitsje. De Badwei is de belangrykste ferbining tusken it doarp en it Noardseestrân. De dyk is yn minne steat. Dêrtroch moatte fuotgongers in stik oer de rydbaan rinne.
De werynrjochting moat derfoar soargje dat aanst elk syn eigen diel fan de dyk hat. De ferbettering kostet goed trije ton.