Polderhoofdkanaal iepen

© Omrop Fryslân
De gemeenteried fan Opsterlân hat ynstimd mei it opnij iepenjen fan it Polderhoofdkanaal. Alle politike partijen sjogge wol finansjele risiko's. Likegoed fine se doch dat it projekt trochset wurde moat. It wer iepenjen fan de rekreaasjeferbining tusken Nij Beets en De Feanhoop kostet Opsterlân 3 miljoen euro.
Tiisdei moat de gemeente Smellingerlân him útsprekke oer de plannen. Sy moatte 2,3 miljoen op tafel lizze.