Goutum krijt nije wyk 'Wiarda'

04 jul 2011 - 16:52

De gemeente Ljouwert mei trochgean mei de oanlis fan de nije wyk Wiarda by Goutum. De Raad van State hat dat moandei bepaald. Doarpsbelang Goutum en Miljeudefinsje woenen dat de oanlis direkt stillein wurdt. Se fine dat de greidefûgels der tefolle fan te leien hawwe. Neffens de Raad van State is direkt stillizzen net nedich omdat de fûgels genôch kompensearre wurde.

Letter dit jier beoardielt de Raad van State oft dat echt sa is, dan wurde de beswieren ynhâldlik behannele.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)