Nije plannen yn Skearnegoutum

De kristlike skoalle yn Skearnegoutum ferhuzet net nei in oar plak. De skoalle krijt in nij gebou op it besteande plak. Earder wie it noch de bedoeling dat de nijbou njonken de sportfjilden komme soe. It doarpshûs soe dan komme op it âlde plak fan de skoalle. Dy plannen binne neffens de gemeente te djoer.
Dêrom is no keazen foar in plan wêrby't de skoalle steanbliuwt dêr't er stiet. It doarpshûs komt yn de âlde pastory yn it doarp.