Fryske plysjes net fit genôch

04 jul 2011 - 12:37

De kondysje fan de Fryske plysjeminsken is net goed genôch. Lanlik sjoen hellet 40% de limyt fan de fitheidstest net. Yn Fryslân is dat 30%. De test is no noch frijwillich, mar takom jier hat it konsekwinsjes.

It kin wêze dat aginten dy't de test net helje net mear op 'e dyk wurkje meie. En dat kin it plysje-apparaat net brûke. De plysjefakbûnen wolle dêrom dat der in nije test komt sadat mear plysjes dy helje. Se wolle ek dat der mear trainingstiid komt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)