Poppoadium Romein kommersjeler

04 jul 2011 - 12:16

Poppoadium Romein yn Ljouwert bestiet dit jier 5 jier. Om dat te fieren binne der yn septimber fiif fergese konserten. Op dy konserten spylje de bands Handsome Poets, Baskerville en Methusalem.

Om de holle de kommende jierren boppe wetter te hâlden, sil Romein kommersjeler programmearje as de ôfrûne jierren. Dat betsjut dat de wat bekendere bands en acts yn de popseal steane. De fergese konserten binne fan 14 oant en mei 18 septimber.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)