Sylboat fan Doutzen ferkocht

04 jul 2011 - 10:48

De sylboat fan Doutzen Kroes hat 9500 euro opbrocht. Twa wike lyn sette se de boat op Marktplaats. It doel wie om jild yn te sammeljen foar Dance4Live. Dizze stichting set him yn foar bern mei AIDS en HIV.

Op ynternet binne tsientûzenen euro's bean op de sylboat, mar dat wiene gjin serieuze biedings. De boat is no feild by it evenemint Sensation Interspace yn Amsterdam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)