Needklok Bontebok oer skoalle

03 jul 2011 - 18:44

Bontebok liedt de needklok oer de driigjende sluting en ferkeap fan de doarpsskoalle. As de skoalle sletten wurdt en it gebou ferkocht, ferliest Bontebok ek it doarpshûs, dat yn itselde gebou sit. Dêrmei soe it hert út it doarp skuort wurde, aldus de ynwenners.

Tongersdei nimt de gemeenteried fan Hearrenfean in beslút. Pleatslik Belang en de skoalle wolle dat de gemeente langer neitinke sil oer it drastyske slutingsplan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)