Lieuwe Westra: ik fiel my goed

Hurdfytser Lieuwe Westra fan De Tynje is snein mei syn ploech Vacansoleil as ien nei lêste einige yn de ploegetiidrit fan de Tour de France. Westra fielt him goed yn foarm en hie wol hurder kinnen. Mar in pear fan syn maten hiene it swier.
De Fries wol de kommende dagen de oanfal sykje yn de Frânske rittekoers. Dat die er sneon yn de earste etappe ek. Hy fytste mei twa oaren mear as 160 kilometer foarop. Mar dat aventoer brocht gjin sukses.