Frou oantaaste yn Ljouwert

03 jul 2011 - 14:35

In man (28) is sneonteancht yn Ljouwert oanhâlden foar it oantaasten fan in frou (31) út dy stêd. De man sette it slachtoffer tsjin de muorre en betaaste har dêrnei ûnseedlik.

In portier fan in hoarekasaak seach dat en warskôge de plysje. De frou hat oanjefte dien. De man út Appelskea is meinommen nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)