Joyrider mei drank op pakt
De plysje hat sneontenacht in jonge (19) fan Sigerswâld oanhâlden. Hy hie mei drank op de auto fan syn heit stellen en wie nei Ljouwert ta riden. Dêr ramde er hast in parkearde auto. Doe't de plysje him oppakke woe, stapte er út en besocht er oer in hek te klimmen. Dat mislearre.
De jonge is oanhâlden fanwege joyriding, it stellen fan de auto en it mei drank op riden. Ek die bliken dat er gjin rydbewiis hie.