Oppakt foar húsfredebrek

Twa manlju (24 en 25) út Damwâld en Kollumerpomp binne sneontenacht oppakt op fertinking fan húsfredebrek en mishanneling. De Damwâldster kin it net ha dat syn relaasje oer is en rydt geregeld toeterjend en remjend troch de strjitte fan syn eks yn Damwâld.
In buertbewenner bemuoide him mei de mannen yn de auto en krige in triuw fan de Pompster. De Damwâldster gie sûnder tastimming it hûs fan eks binnen. De plysje hat beide fertochten meinaam foar ferhoar.