Man slein en bestellen

03 jul 2011 - 14:05

In Akkrumer (36) is sneon yn Ljouwert oanhâlden. Hy wurdt fertocht fan stellerij mei geweld.

De fertochte belle middeis by ien oan De Lieuwenburg oan. De bewenner (39) krige fuort in klap yn it gesicht doe't er de doar iependie. Yn hûs waard er noch in pear kear slein en rekke eefkes út de tiid. De fertochte hat jild út de beurs stellen. Doe't in buorfrou op it lawaai ôfkaam, naaide de fertochte út. Hy koe yn syn wenplak oanhâlden wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)