Jonge rydt nei botsing troch

03 jul 2011 - 13:49

De plysje hat sneontenacht yn Haulerwyk in jonge (19) út it Grinzer Sânhuzen oanhâlden. Hy hie in botsing feroarsake op de Meester van Eckstraat en wie trochriden.

De plysje trof de bestjoerder letter oan. It die bliken dat er dronken hie. Doe't de plysje nei syn rydbewiis frege sei er dat er noch oan it lessen wie. Op it buro wegere de jonge mei te wurkjen oan in blaastest. Hy hat in proses-ferbaal krigen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)