Deade man yn sleat Berltsum

03 jul 2011 - 13:30
(Foto: Anton Kappers)

Yn Berltsum is sneintemoarn yn in sleat oan de Wiersterdyk it stoflik omskot fan in man (49) út it doarp fûn. Tsjerkegongers seagen de man om healwei tsienen yn de sleat driuwen. De brânwacht helle it lichem út it wetter.

Ut ûndersyk fan de plysje docht bliken dat de man net troch geweld om it libben kaam is. Hy is troch ûnbekende oarsaak yn it wetter rekke en ferdronken. De plysje tinkt oan in ûngelok.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)