Man pakt jild út gokkasten
De plysje hat sneontemoarn betiid in 36-jierrige man út Snits oppakt omdat er jild út gokkasten stellen hie. Dat die er by in bedriuw oan de Kleine Kerkstraat yn Snits.
In portier betrape twa manlju op de stellerij. Ien fan har koe er oanhâlde, de oare naaide út. In oare meiwurker fan it bedriuw gie achter de man oan, mar liet him gean doe't dy him mei de dea bedrige. De Snitser is fêstset op it buro.