Kontrôle sliterij op leeftiid

In tal Fryske supermerken en sliterijen set fan nije wike ôf minsken yn om de leeftiid fan klanten te kontrolearjen. Doel is om de ferkeap fan alkohol oan minderjierrigen tsjin te gean.
Mei it systeem wurde bylden fan klanten nei in kontrôlesintrum stjoerd. Dat beoardielt oft de klant folwoeksen is of net. As der twifel is, kin de ferkeaper nei in legitimaasjebewiis freegje. De bylden dy't makke wurde, wurde net opslein.