Peter Meindertsma wer trainer

Peter Meindertsma (sportfoto.nl)
Peter Meindertsma wurdt moandei presintearre as de nije haadtrainer fan de fuotbalfroulju by SC Hearrenfean. De 36-jierrige trainer is dêrmei de opfolger fan Rick Mulder dy't nei FC Grins gien is.
Meindertsma is mei Harkemase Boys yn ûnderhanneling oer de hichte fan de ôfkeapsom. Omdat beide partyen dêr net útkomme, sil in arbitraazjekommisje binnen twa wike útspraak dwaan. Meindertsma waard yn febrewaris by Harkemase Boys op non-aktyf set.