Hearrenfean wint fan Dronten

02 jul 2011 - 22:52

SC Hearrenfean hat sneon de twadde wedstriid fan de oefenkampanje mei 5-0 wûn fan twaddeklasser ASV Dronten. By it skoft stie it mar 1-0 nei in doelpunt fan Daryl Janmaat yn de 24ste minút.

Nei in oere fuotbal makke Bas Dost út in strafskop de 2-0. Pele van Anholt, Filip Djuricic en Oussama Assaidi bepaalden de einstân. Viktor Elm, Geert Arend Roorda en Michal Svec dienen net mei, sy binne herstellende fan blessueres.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)