Dûbele sifers foar SC Cambuur

SC Cambuur hat syn twadde oefenwedstriid mei 12-0 wûn fan twadde klasser ONB út Drachten. Oan de kant fan de Ljouwerters wiene Marco van der Heide en Sandor van der Heide allebeide mei trije doelpunten it meast doeltreffend.
De oare doelpunten waarden makke troch Martijn Barto (2x), Aguzhan Turk, Frits Dantuma, Mravec en Melvin de Leeuw. Trainer by it ôfrûne seizoen promovearre ONB is Rene de Jong, de broer fan Cambuur-trainer Henk de Jong.