Droegeham wint Dyn Doarp

02 jul 2011 - 18:55

Droegeham is winner wurden fan Doch it foar dyn Doarp en wint dêrmei 10.000 euro. De sjuery bestie út Omroppresintatrise Diana de Groot, fuotbaltrainer Henk de Jong en sjongeres Griet Wiersma. De oare twa nominearren wiene Fryske Peallen en Wergea. Earfolle fermeldingen wiene der foar Kûbaard en Minnertsgea.

It televyzjeprogramma Doch it foar dyn doarp begûn yn april mei Aldeholtpea. Dizze wike wie it trettjinde doarp Wergea oan bar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)