Westra begjint goed yn Tour

Hurdfytser Lieuwe Westra fan De Tynje hat him sneon op de earste dei fan de Tour de France goed sjen litten. Yn de etappe fan Passage du Gois nei Mont des Alouettes demarearde Westra fuort nei de start út it peloton. Hy die dat mei de Frânsen Roy en Quemeneur. It trio pakte in foarsprong fan goed seis minuten. Hy koe oant 18 kilometer foar de einstreek út de greep fan it peloton bliuwe.
De etappe einige yn in massasprint. De Belch Philippe Gilbert wûn de etappe.