Frjentsjer pakt Jong Fammen

De winners (foto: Klaas Hijlkema, Sportfotografie Hijlkema)
It partoer fan Frjentsjer hat sneon de Jong Fammepartj yn Mantgum wûn. Yn de finale stienen Rianne Vellinga, Maaike Osinga en Manon Scheepstra tsjinoer it partoer fan Bitgum. It like in 'walkover' te wurden, mar Evelien Westra, Mariska Hoogland en Nelie Steenstra fan Bitgum kamen werom. Frjentsjer wûn mei 5-3 en 6-2. Foaral de opslaggen fan Maaike Osinga wienen it partoer fan Bitgum te machtich.
De lytse preemje wie foar Boazum. Der stiene 19 partoeren op de list.