Brânstofdieven trappearre

02 jul 2011 - 15:39

De plysje hat freedtenacht twa ynwenners fan Easterwâlde (40 en 51)oanhâlden foar stellerij. In tsjûge seach de twa manlju by in tankstasjon oan de Venekoterwei stean en belle de plysje om't er it net fertroude. De plysje seach de manlju eefkes letter riden en joech se in stopteken.

Yn de auto fûnen de plysjes in tal jerrycans mei brânstof en in hevelslang. Op it buro krigen de fertochten prosesferbaal. De auto en de brânstof binne yn beslach naam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)