Hennep yn Drachten fûn

02 jul 2011 - 15:36

De plysje hat freedtejûn yn twa bedriuwsgebouwen oan De Boeg yn Drachten twa hennepkwekerijen oprôle. Mei elkoar waarden goed 1400 planten oantroffen.

De plysje kaam de hennepkwekerijen op it spoar fia in tsjûge. Dy rûkte in hennepgeur en warskôge de plysje. Dy hat de planten en de apparatuer yn beslach naam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)