Man slein mei bile

02 jul 2011 - 14:26

In man (42) út Eindhoven is freedtenacht yn Snits op de Wijde Noorderhorne slein mei in bile. Hy krige spul mei in oare man. Dy stapte nei syn auto en helle dêr in bile út, dêr't er it slachtoffer mei sloech.

De man rekke ferwûne oan de earm. Hy is foar behanneling mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De man út Eindhoven hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)